Bennie Huisman en Douwe Kootstra presinteare Baron van Munchhausen.
20-01-2012
Bennie Huisman en Douwe Kootstra presinteare de baron Von Münchhausen!
Op woansdei 15 febrewaris komme Douwe Kootstra en Bennie Huisman nei de bibliotheek yn Burgum mei harren fertel- en muzykprogram oer de baron Von Münchhausen.De baron Von Münchhausen, wa hat der noait fan heard? It boek mei syn fantastyske aventoeren is, op de bibel nei, it meast werprinte op ‘e hiele wrâld. Mar…is er sels ek in fantasyfiguer? Of hat er echt bestien? Jaseker. Reizger Douwe Kootstra gong oan de rivier de Weser syn spoaren nei, fûn syn grêf en djippe noch allerhanne ekstra, hiele moaie ferhalen oer syn libben op. Hy skreau der yn syn nije boek ‘Paradys oan de baai’ in hilarysk ferhaal oer. Logys dus dat ferteller/skriuwer Douwe Kootstra en muzikant/sjonger Bennie Huisman harren ynspirearre fielden om in program te meitsjen om dizze kleurrike en historyske figuer hinne. Hoe koe it bygelyks dat syn aventoeren it earst yn Ingelân yn boekfoarm útkamen wylst de haadpersoan yn Dútslân fan neat wist?
Prachtige fertelferhalen en ûnthullende feiten út it libben fan Freiherr Hieronymus Carl Friedrich Von Münchhausen wurde ôfwiksele mei passende lietsjes en muzyk út de tiid fan de baron.
Kom en harkje en reitsje better yn ‘e kunde mei dizze ferneamde, mar tagelyk ek tige ûnbekende figuer, dy’t rûnom op ‘e wrâld al faak de haadpersoan wie fan films en musicals.
Jo binne wolkom op woansdei 15 febrewaris om 20.00 oere yn bibliotheek Burgum, Skoalstrjitte 27. De entree is foar leden fan de bibliotheek € 5,00, net-leden betelje € 6,00. Nutleden fergees (entreebewiis yn ’t foar op te heljen yn bibliotheek Burgum). Kaarten reservearen mooglik by de Klantenservice bibliotheek Burgum of telefoanysk 0511-469668.
Jo kinne it formulier hjir ûnder ek brûke om jo op te jaan.
Burgum
Van:
24-01-2012
Tot:
15-02-2012






